Categorieën
Fryslân Overheid Politiek Wonen

Wenningbou freget provinsjale rezjy en gearwurking

(tekst: provinsje Fryslân)

Mear provinsjale rezjy, goede gearwurking en strukturele finansjele stipe fan it Ryk moatte de realisaasje fan de Fryske wenningbou ferhastigje. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan knyppunten by de 18 Fryske gemeenten. Dat is ek nedich. Fryske jongfolwoeksenen en âlderein hawwe no muoite om in betelbere wenning te finen. It doel is dêrom om de wenningbou-ôfspraken út de regionale wendeals flugger út te fieren. Dat sprutsen minister De Jonge, de 18 Fryske gemeenten en de provinsje ôf.

Posityf is dat de projekten út de wendeals realistysk binne, sa docht bliken út in knyppunte-analyze dy ‘t troch advysburo KAW yn opdracht fan de provinsje útfierd is. Mar om dy projekten ek gau út te fieren is wol rezjy fan sawol gemeenten as provinsje nedich. Deputearre Steaten nimme de advizen út de rapportaazje om mear rezjy te nimmen, de gemeenten te stypjen en planologyske behinderingen wei te nimmen oer. Gemeenten kinne stipe wurde by it meitsjen fan aktuele wensoarchfyzje. Om wenningbouplannen flot te realisearjen is in goede gearwurking krúsjaal.

Deputearre Sijbe Knol is him bewust fan de needsaak fan ferhastiging: “Wy binne yntinsyf yn petear mei de gemeenten oer de realisaasje en it weinimmen fan knyppunten. As it nedich is, stelle wy ekstra jild beskikber om it meitsjen fan plannen oan te fiterjen. As bliken docht dat ús regeljouwing de realisaasje fan wenningen yn it paad stiet, dan sykje wy dêr in oplossing foar. Fansels kin net alles, wy hawwe ommers noed foar it karakteristike Fryske lânskip.” 

De kommende jierren nimt it tal húshâldens yn Fryslân fierder ta. It tekoart oan wenningen is benammen te fernimmen ûnder jongfolwoeksenen foar wa ‘t it dreech wurden is om in betelbere wenning te krijen. Troch it Ryk en de provinsje binne finansjele middels beskikber steld om de realisaasje fan betelbere wenningen te ferhastigjen. Dêr kinne de gemeenten mei stipe wurde. Yn de regionale wendeals is mei de minister ôfpraat dat de Fryske gemeenten in mienskiplike oanfraach dwaan sille foar de Woningbouwimpuls, sadat de wenningen betelber bliuwe.