Categorieën
Columns Geschiedenis

TOT ZOOVER U DOODEN ZIET, VADER

Ast hjoedtedei de kranten lêst, dan dûke faak deselde nammen op: Boetsja, Bachmoet, Marioepol, der binne mear. It binne plakken wêr’t in oarloch him fan syn minste kant sjen lit, yn safier in oarloch ek in goede kant hawwe kin. Neffens de berjochten sneuvelje dêr oan beide kanten ferskuorrend soad minsken, en de Russen skine dêr op elke sneuvele Oekraïner sels fiif soldaten te ferliezen. Wy kinne elke dei, mei tank oan Iphone en drones, der de bylden fan sjen.

Hûndertnjoggen jier ferlyn barste de Earste Wrâldkriich út en fan dy oarloch binne ek tûzenen fan bylden bewarre, foto’e en films, fan dy lêste wat minder, want de film bestiet noch mar sa’n tweintich jier en de kamera’s wiene lomp en swier, en moasten noch mei de hân betsjinne wurde.

Der is yn hûndert jier net safolle feroare. No ja, de wapens binne “ferbettere”, wat safolle sizze wol dat se noch mear deaden feroarsaakje kinne, en ek hûndert jier ferlyn wiene der nammen dy’t in symboal waarden foar de ferskrikkingen fan’e oarloch, Passendale, de Somme, Verdun. Dizze lêste slach, yn 1916, duorre hast njoggen moanne en der foelen benei 700.000 deaden, it krekte tal witte wy net, want de oarloch as gehakmole makke dat der tûzenen jonge mannen spoarleas ferdwûnen, letterlik útinoar skuord troch de nijste bommen en granaten. Anno 2023 fine se yn’e bosken om Verdun hinne noch altiten stikjes minske en dy wurde dan sammele yn dat ûnbidige monumint dat der stiet.

De waansin fan dy slach waard yn 1916 treflik werjûn troch ús grutte tekener Albert Hahn (1877-1918) yn in tal printen datst noch altiten “aktueel” neame kinst. Hy publisearre se yn “Het Volk”, de krante fan’e Arbeiderspers, dy’t fansels hast it klubblêd wie fan’e SDAP.

Omdat de regearingen it oarlochsnijs bot censurearden (der is neat nijs ûnder de sinne) wie it soms lestich jin in goed byld fan dy oarloch te foarmjen: der wie noch gjin radio , gjin tillevyzje, allinne kranten en wykblêden, sa as it yn Nederlân ferskinende “ Prins der Geïllustreerde Bladen” en dus ek Het Volk. En dêryn koe in print fan Albert Hahn yn ien tekening mear sizze as in bledside tekst.

Faak waard troch de regearingen melden “dat op de linkervleugel de toestand niet veranderd is” en dat wie faak ek sa, want de soldaten sieten yngroeven yn harren rinfuorgen (moai nij Frysk wurd! In loopgraaf!). Mar Hahn liet cynysk sjen dat dat net wier wie..

Tekening van Albert Hahn.

En de print mei keizer Wilhelm II en de kroanprins is foar my in masterstik!

Dan moatte jo der noch wol efkes by stilstean dat dy kroanprins yn’e jierren tritich de man mei in snorke op’e lije side krûpte, de man mei it snorke dy’t doe ek yn’e blabze fan’e rinfuorgen omtoarke en dêrbij ek noch ferwûne wurde soe.

© Liuwe van der Meer