Categorieën
Dieren Financiën Fryslân Landbouw

Subsydzjeregeling wolfkearende maatregels útwreide

(tekst: provinsje Fryslân)

Oanfregers fan de subsydzjeregeling ‘Voorkomen schade door wolven’ krije tenei de subsydzje foardat se wolfkearende rasters oanskaffe. Earder wie dat achterôf, mar Deputearre Steaten meitsje de subsydzjeregeling no tagonkliker foar de bistehâlders. Dêrneist kinne hâlders fan kij, hynders en ponys ek gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling. Dy wie earder allinnich foar skiep- en geitehâlders.

Yn de winter fan 2021/2022 fêstige him in wolvepear yn Súdeast-Fryslân. Deputearre Steaten stelden dêrom yn de maitiid fan 2022 in subsydzjeregeling fêst foar de oanskaf fan wolfkearende rasters. Ek waard in Gebietskommisje Wolf beneamd dy ‘t Deputearre Steaten advisearje oer beskermingsmaatregels foar lânbouhúsdieren en de finansiering dêrfan. De útwreiding fan de subsydzjeregeling is dien op advys fan de Gebietcommissie Wolf.

Deputearre Matthijs de Vries ferwachtet dat der mear gebrûk makke wurdt fan de subsydzjeregeling: “Op dit stuit is wolveskea allinnich foar te kommen troch wolfkearende maatregels te nimmen. Wy wolle feehâlders dêrom safolle mooglik stimulearje en fasilitearje mei in ferbettere subsydzjeregeling, in aktive gebietskommisje en in wolvekonsulint.”

Deputearre Steaten fine de Gebietskommisje Wolf in mearwearde foar de mienskip en stelle dêrom ek foar 2024 en 2025 budzjet beskikber. Foarsitter Harry Oosterman: “Wy sjogge dat it nimmen fan wolfkearende maatregels noch in hiele útdaging is foar Fryske bistehâlders. Wy tinke dat de oanpaste subsydzjeregeling yn goede stap is. Wy hâlde de útkomsten hjirfan yn ‘e gaten. Wy binne bliid dat wy ús de kommende jierren ynsetten bliuwe kinne foar in praktyske útfiering om wolveskea te foarkommen.”

It advys en de evaluaasje fan de Gebietskommisje Wolf binne ek te lêzen.