Categorieën
Cultuur Fryslân Kunst Overheid

Subsydzjeregeling Musea en Kunstinfra soarget foar kwaliteitsympuls

(tekst: parsberocht provinsje Fryslân)

De nije, fjouwerjierrige subsydzjeregeling Musea en Keunstynfrastruktuer hat foar mear kwaliteit yn de kulturele sektor soarge. Dat docht bliken út de evaluaasje fan de regeling dy’t hjoed oan Provinsjale Steaten en oan it fjild oanbean wurdt. De subsydzjeregeling draacht by oan de beliedsambysjes op it mêd fan kultuer yn Nij Poadium (2021-2024 ).

De ûndersikers fan Sira hawwe foar de evaluaasje yn ’e hjerst fan 2021 en maitiid fan 2022 dokuminten bestudearre en petearen fierd mei ferskate minsken dy’t by it ûntwerpen en útfieren fan de regeling belutsen west hawwe. Om de wurking fan de regeling yn de praktyk te evaluearjen, fierden sy ek petearen mei oanfregers. Op 21 april 2022 diene de kulturele ynstellings yn in wurksesje in tal ferbettersuggestjes foar de regeling. Sira hat in oantal fan dy suggestjes fierder útwurke as oanrekommandaasjes foar de takomst.

It ûndersyksrapport dat hjoed presintearre wurdt, befettet sawol in weromblik op de hjoeddeistige situaasje as in blik foarút. De wichtichste konklúzje is dat de regeling de winske  fernijing brocht hat. Troch de regeling yn ‘e mande mei de doelgroep ta te rieden en de ynhâldlike beoardieling fan fragen yn hannen te jaan fan in ûnôfhinklike advyskommisje, koe der in goede ôfwaging makke wurde tusken grutte en lytse, âlde en nije ynstellings. Mei-inoar drage dy ynstellings by oan de maatskiplike opjeften en beliedsdoelen fan de provinsje Fryslân.

Der binne ek ferbetterpunten. Sa moast der in lyk bliuwend budzjet ferdield wurde oer mear organisaasjes. Dat stelde de advyskommisjes foar ‘in duvelsk dilemma’ wêrtroch’t oanfregers in leger of gjin bedrach takend krigen. Op fersyk fan Provinsjale Steaten binne dêrom oanfoljende middels frijmakke. In oar ferbetterpunt is it útfieringsproses. Sa fûn it grutste part fan de oanfregers it net dúdlik genôch wat de rolferdieling wie tusken de advyskommisje en de provinsje, en hoe’t de ferskate beoardielingskritearia woegen binne.

De evaluaasje waard útfierd troch Sira Consulting.