Troch provinsje Fryslân
Fan 9 desimber 2025 oant en mei 10 febrewaris 2026 kinne kulturele ynstellingen subsydzje oanfreegje foar in produksje dy’t sy yn 2026 yn Fryslân útfiere. De subsydzjeregeling kulturele produksjes Fryslân 2021 -2028 is bedoeld foar stichtingen en ferieningen dy’t gjin mearjierrige subsydzje krije fan provinsje Fryslân.
Kulturele ynstellings kinne maksimaal €24.999,- subsydzje oanfreegje foar bygelyks in konsert, foarstelling, festival of eksposysje. De regeling giet yn de perioade 2025 -2028 fjouwer kear iepen. Yn dizze earste ronde is €300.000,- beskikber.
De regeling is al oankundige yn de beliedsnota Tosken yn in nije tiid, dy’t yn juny 2024 troch Provinsjale Steaten fêststeld is. Yn de beoardieling sil mei klam rekken hâlden wurde mei tagonklikens en in brede sisingskrêft.
Ynteressearre organisaasjes kinne fan 9 desimber 2025 oant en mei 10 febrewaris 2026 harren oanfraach yntsjinje. De oanfragen wurde behannele op folchoarder fan binnenkomst. Binnen 13 wiken nei it yntsjinjen fan de oanfraach wurdt bekend makke oft in projekt yn oanmerking komt foar subsydzje.
Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de provinsje Fryslân: www.fryslan.frl/cultureleproducties.