Troch provinsje Fryslân
De provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân stelle subsydzje beskikber om te helpen by de kosten fan fundearringsferbettering of ferfangende nijbou. De regeling is ûnderdiel fan it Feangreideprogramma en bedoeld om bewenners yn it feangreidegebiet te stypjen by problemen dy’t troch boaiemdelgong yn it feangebiet ûntsteane.
Yn it Fryske feangreidegebiet rinne tûzenen wenningeigeners it risiko dat se op in stuit te krijen hawwe mei fundearringsproblemen. Yn in soad gefallen giet it om huzen fan foar 1973, boud op houten peallen. As dizze peallen troch boaiemdelgong en lege grûnwetterstannen net mear hielendal ûnder wetter steane, kin der pealrot ûntstean en kinne fundearrings fersakje. Faak is dat te fernimmen oan bygelyks skuorren yn muorren of oan ruten en doarren dy’t lestich slute. Dy ferskynsels kinne ek oare oarsaken hawwe, lykas konstruksjeflaters of in te swier dak. Yn sokke gefallen is it wichtich om ûndersyk te dwaan, om de oarsaak te efterheljen.
Subsydzje foar it opknappen
Fan 23 juny 2025 ôf stelle provinsje en wetterskip in subsydzjeregeling iepen dêr’t eigeners fan huzen mei fundearringsskea yn it feangreidegebiet jild mei krije kinne foar it opknappen fan de fundearring of – as dat needsaaklik is – ferfangende nijbou. Dy subsydzje fergoedet 40 persint fan de kosten dy’t makke binne, oant in maksimum fan €40.000,- de wenning. Oanfreegje kin fia de webside www.feangreidefryslan.frl. It subsydzje is bedoeld foar minsken dy’t eigener én bewenner binne fan in wenning yn it feangreidegebiet en foar Ferieningen fan Eigeners (VvE’s) wêrfan’t de leden yn harren eigen appartemint wenje.
Oantoanbere skea
It giet om huzen dy’t foar 1973 boud binne en wêrby’t út in fundearringsûndersyk troch in erkend buro bliken docht dat der oantoanbere skea is. Foar dat ûndersyk hawwe provinsje en wetterskip begjin 2024 in aparte subsydzjeregeling yn it libben roppen. Dy fergoedet 80 prosint fan de ûndersykskosten, oant maksimaal €4000, – it hûs. Ferline jier is ek it Fundearringsloket Fryslân iepene, dêr’t bewenners ynformaasje en help krije kinne.