Categorieën
Cultuur Fryslân Taal

 RUG stelt ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer oan

(tekst: RUG)

Prof. dr. Arjen Versloot wurdt ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG ). Fan 15 febrewaris ôf wurdt er foar twa dagen yn ‘e wike detasjearre út de Universiteit fan Amsterdam (UvA) wei, yn prinsipe foar it tiidrek fan fiif jier. Versloot is sûnt 2012 heechlearaar Germaanske taalkunde, yn it bysûnder de Dútske, Skandinavyske en Fryske talen, oan de UvA.

De detasjearring folget op de útkomst fan it winnen fan in heechlearaar Fryske taal en kultuer healwei ferline jier. Dy proseduere smiet gjin gaadlike kandidaat op. Prof. dr. Thony Visser, dekaan fan de fakulteit Letteren fan de RUG: ‘Wy binne der wiis mei dat mei de komst fan prof. dr. Arjen Versloot de Frisistyk oan de RUG wer op heechlearaarsnivo ynfolle wurdt. Dêrmei oerbrêgje wy de perioade oant it op ‘en nij winnen fan in heechlearaar Fryske taal en kultuer, dat oer in pear jier syn beslach krije sil, en jouwe wy ynhâld oan ús ferantwurdlikens foar it bestudearjen fan de Fryske taal en kultuer op universitêr nivo.’

De RUG beneamde earder al in universitêr dosint Fryske taal en kultuer, dr. Anne Merkuur, en wint op dit stuit foar in foltiidske postdok-posysje op it mêd fan de Fryske letterkunde ta fersterking fan it ûndersyk op dat mêd. Thony Visser: ‘Mei dy nije oanstellingen, tagelyk mei dy fan de sittende stêfleden, ferankerje wy de Frisistyk oan de RUG en sette wy fierder yn op kennis foar de takomst. Ynkoarten prate wy yn it ramt fan it projekt Fryske taal en kultuer, dat fuortkomt út de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer, mei it ministearje fan Ynlânske Saken en de provinsje Fryslân oer dy ynvestearringen.’

Deputearre Sietske Poepjes fan de provinsje Fryslân stiet achter de beneaming fan Versloot. ‘Mei syn oanstelling hawwe wy wer in betûften heechlearaar Frysk oan de RUG. Dat is kreas regele. Wy hawwe der betrouwen yn dat Versloot it Frysk goed oppakke sil en dat de takomst fan it Frysk oan de RUG en alle besibbe fakgebieten der posityf útsjocht.’

Sjoch ek fia: https://www.liwwadders.nl/arjen-versloot-interim-hoogleraar-friese-taal-en-cultuur/