Categorieën
Fryslân Politiek

PvdA, VVD, D66 en FNP: Jou it lûd fan de jongerein in plak op it Provinsjehûs

(tekst: FNP Fryslân)

De provinsje beslút oer tema’s dy’t wichtich binne foar de takomst fan de jongerein yn Fryslân. Dy besluten gean bygelyks oer it klimaat, wenjen, lânbou, natuer, kultuer en de foarsjenningen yn dyn doarp of wyk. Neffens de Steatefraksjes fan de PvdA, VVD, D66 en FNP wurdt de stim fan de jongerein dêrby net genôch heard. De partijen komme dêrom mei in foarstel om it lûd fan de jongerein in plak te jaan yn ‘it hûs fan de mienskip’: it Provinsjehûs.

‘Keamer foar de takomst’
Neffens wurdfierders Edou Hamstra (PvdA), Martijn Brands (VVD), Danny van der Weijde-Hoogstad (D66) en Sijbe Knol (FNP) witte jongeren de ynspraak-mooglikheden faak net te finen. ‘Wy binne sels allegear ûnder de 35 en komme hjir op it Provinsjehûs dochs faak deselde minsken tsjin, dy goed op ‘e hichte binne fan de ynspraak-mooglikheden omdat sy de papieren krante noch lêze. Der binne mar in hiel bytsje ynwenners fan ús leeftiid en jonger dy’t hjir komme en ynsprekke. Wy wolle dêrom dat de provinsje de útnûgings breder kommunisearret, bygelyks fia de sosjale media. Sa berikke je mear doelgroepen.’ Dêrnjonken wolle de yntsjinners fan it foarstel dat der op it Provinsjehûs in spesjale ‘Keamer foar de takomst’ ynrjochte wurdt. Dy keamer is beskikber foar ynwenners fan Fryslân om byinoar te kommen om goede ideeën foar ús provinsje mei-inoar út te wurkjen.

De partijen wolle ek €100.000 beskikber stelle foar inisjativen út de mienskip wei dy’t soargje foar mear jongereinpartisipaasje. En as it oan de yntsjinners leit, wurdt der aanst yn alle beliedstikken fan de provinsje beskreaun wat it effekt is op jongeren en takomstige generaasjes.

Partisipaasjebelied
De partijen tsjinje de plannen yn fia in moasje by de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan 25 jannewaris oer it partisipaasjebelied fan de provinsje. Neffens de wurdfierders ûntbrekt der no noch in fyzje op jongereinpartisipaasjie. ‘Wy hawwe yn it ferline meardere foarstellen dien oer hoe’t wy jongerein by de provinsje belûke kinne. Wy hienen dêrom mear plannen ferwachte foar jongereinpartisipaasje. Dêrom komme wy no sels mei dizze ideeën.’ De partijen wolle dêrmei berikke dat de plannen fan de provinsje better oansluten by de libbenswrâld fan jongeren. 

Sjoch ek fia: https://www.fnp.frl/frysk/nijs/1514/