Categorieën
Economie Financiën Fryslân Sociaal Vervoer

Oanbesteging busferfier Fryslân set útein

(tekst: provinsje Fryslân)

Fan woansdei 8 maart 2023 ôf set de oanbesteging foar it busferfier yn Fryslân útein. De provinsje besteget it busferfier oan foar de perioade desimber 2024 oant desimber 2034. Hjoed, tiisdei 7 maart, hawwe Deputearre Steaten it bestek fêststeld.

Op 14 desimber 2024 rint de hjoeddeiske oerbrêgingskonsesje foar it busferfier yn Fryslân ôf. Troch de effekten fan koroana moast de provinsje Fryslân kieze foar in tydlike konsesje fan twa jier. Mei it fêststellen fan it bestek kin de nije oanbesteging úteinsette. It ûntwerp Programma van Eisen lei oant en mei 20 jannewaris 2023 op besjen. Mei-inoar binne der sa’n 400 reaksjes troch belanghawwenden yntsjinne. De provinsje hat dy reaksjes ferwurke yn in Reactienota. Dy is oanit bestek taheakke. Yn oktober ferwachtet de provinsje de nije ferfierder foar 2024 -2034 bekend te meitsjen. Yn desimber sil de definitive gunning wêze.

Berikberens plattelân

By de oanbesteging wurdt sterk ynset op de berikberens fan it plattelân. Sa meitsje ferfierders mear kâns op gunning neigeraden se mei in goed, ynnovatyf plan komme om it plattelân berikber te hâlden. Nij is de mooglikheid foar it sluten fan in mearpartije-oerienkomst (MPO). Dit is in oerienkomst tusken de provinsje, de ferfierder en in finansier dêr’t ferfierders tsjin oantreklike betingsten in liening mei ôfslute kinne foar de oanskaf fan nije bussen. De provinsje betellet de ôflossing streekrjocht oan de jildsjitter.

,,We doen ons uiterste best om het busvervoer op het platteland op een zo goed mogelijk niveau te houden”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. “Het aanbieden van een  meerpartijenovereenkomst kan daarbij helpen. We halen daarmee een deel van het risico weg bij de vervoerder.”

Dêrneist wol de provinsje op alle wichtige knooppunten sels stallingen foar bussen realisearje. Sa moat in mear gelyk spylfjild tusken ferfierders ûntstean. “We hopen dat beide maatregelen helpen om bedrijven enthousiast te krijgen voor deze aanbesteding. Voorop staat dat heel Fryslân, en in het bijzonder het platteland, in de toekomst zo goed mogelijk wordt bediend.”

Foar mear ynformaasje oer de oanbesteging kinne jo sjen op: https://www.fryslan.frl/busvervoer-fryslan-0