Troch Willem Schoorstra
Op sneontemoarn 10 maaie by freon Auke Postma om ‘e hoeke sjoen. Miskien wol de Laatste der Mohikanen as it oer twaddehâns boeken giet. Syn winkel is in skatkiste, in ynspirearjende gaos dêr’t men om de fiif sentimeter tsjin in juwiel oan rinne kin. Boppedat: wêr oars stiet de kofje klear, wêr oars wurdt muzyk draait dêr’t Johan Derksen hiel bliid fan wurde soe, wêr oars heart men machtige ferhalen fan de eigner sels?
Sjoch ris yn Damwâld, by De Boekenmolen fan Auke Postma