Categorieën
Fryslân Klimaat Natuur en milieu Weer

Mei Europeeske partners oplossings sykje foar klimaatadaptaasje

(tekst: provinsje Fryslân)

Troch klimaatferoaring en boaiemdelgong nimt de kâns op oerstreamingen, wetteroerlêst, drûchte, hjittestress en fersilting ta yn Europa. Ek yn Fryslân. Dêrom is Provinsje Fryslân ien fan de dielnimmende partijen fan it Europeeske projekt NBRACER, dat stiet foar ‘Nature Based Solutions for Atlantic Regional Climate Resilience’. Tegearre mei oare Europeeske partners, fan Portugal oant Denemarken, wurket de provinsje Fryslân oan in klimaatbestindige Atlantyske regio.

Under lieding fan it Nederlânske ûndersyksynstitút Deltares is yn 2023 it projektfoarstel NBRACER opsteld, as ûnderdiel fan it Europeeske Horizon programma. It projekt hat in rintiid fan fjouwer jier. Deltares is de trekker fan it projektkonsortium besteande út 29 partners, út acht dielnimmende regio’s lâns de Atlantyske kustline fan Europa. Provinsje Fryslân is ien fan de dielnimmende partijen. Nei ‘t yn 2023 it projekt troch de EU takend is, binne ein febrewaris 2024 alle partneroerienkomsten ûndertekene. Hjirmei hellet de provinsje Fryslân in totaalbedrach fan € 1,2 miljoen oan ûndersyksbudzjet nei Fryslân. Mei dit jild wurdt op ‘e praktyk rjochte ûndersyk útfierd nei de wurking fan klimaatadaptive oplossings.

Fryslân Klimaatbestindich

Yn de Fryske NBRACER casus wurdt ûndersocht hoe ‘t wy de ambysjes út de klimaatfyzje ‘ Fryslân Klimaatbestendig 2050 + ’ (FK2050) yn praktyk bringe kinne. Denkrichtingen wurde omset nei konkrete maatregels. Lykas metoaden om reinwetter langer fêst te hâlden om drûchte foar te kommen, of it feroarjen fan sleatprofilen om fersilting tsjin te gean. Rekken hâldend mei de sosjaalekonomyske en maatskiplike impact fan klimaatadaptaasje. De takomstfyzje FK2050 is yn 2023 troch Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân opsteld. Utgongspunt is om wetter en boaiem stjoerend te meitsjen yn de romtlike planfoarming. De fyzje is rjochte op in systeem dat mear útgiet fan gebietseigen swietwetter, sadat wy yn drûge tiden minder ôfhinklik binne fan swietwetter út de Iselmar.

Klimaatfyzje

Troch de gefolgen fan klimaatferoaring en boaiemdelgong rint it Fryske wetter- en boaiemsysteem tsjin syn grinzen oan. Hjirtroch binne oanpassings nedich om ek op lange termyn noch goed wenje, wurkje en rekreëarje te kinnen. Dit betsjut dat we tawurkje nei in klimaatbestindich wetter- en boaiemsysteem dat better yn steat is om (waar)ekstremen op te fangen. De fûle rein fan ôfrûne winter is dêr in goed foarbyld fan.