Troch Willem Schoorstra
Nijsgjirrich: it praalgrêf fan Adriaan Clant fan Stedum. Makke troch de Flaamske byldhouwer Rombout Verhulst, en hoe! Clant hat in kimono oan en crocs (pantoffels, eins) oan ‘e fuotten. It liket, ek troch syn hâlding, as leit er te slûgjen. Dat wie de bedoeling: Clant is net dea, syn helderom libbet ivich. Dêr wiist de brânende toarts ek op, by deadesymbolyk is dy meastal dôve en wiist dy nei ûnderen.
Bysûnder is lyksa syn wapenrissing. Dy stiet neist de hurdstiennen tombe, as teken fan de frede dêr’t Cant mei foar soarge hat. Op syn harnas pronket in kop, in groteske, sa te sjen Medusa, ien fan de Gorgonen. Gorgonen waarden al as apotropeum troch de Romeinen brûkt op harren wapenrissing.

It alliânsjewapen fan Mepsche, in beamstronk mei woartels en sûnder tûken, symbolisearret krêft en âlderdom fan it laach. Stevich woartele, mar in lytse famylje.
Sa is der fan alles te sjen: tsjek ek de draken dy’t de cartouche beethâlde…