Elke skoalle hat sa syn tradysjes, ik haw it Sinterklazefeest al neamd. Sokke tradysjes ferdwine meastentiids as der in fúzje komt mei oare skoallen, ik haw my der oer besaud hoe hurd sokke tradysjes ferdwine kinne! Want ja, de minsken fan in oare skoalle hawwe wer oare tradysjes en meastentiids binne dat net seselde soarte fan tradysje en dan komt it der yn’e praktyk op del dat de tradysjes fan alle skoallen meiinoar gewoan ferdwine, der moatte in pear “fanatikelingen” wêze dy’t dan dochs trochgeane mei sa’n tradysje, mar in echt súkses wurdt it noait wer.

Wy hiene op MN it kryst-volleybaltoernoai, wat sei, it KRYST-VOLLEYBALTOERNOOI. Altiten op’e lêste dei foar de krystfakânsje yn sporthal Nijlân. De organisaasje wie altiten yn hannen fan Jan Rinksma, ek in ferneamd volleybal-skiedsrjochter, en syn kollega’s Saco Velt of Philip van der Meulen en it rûn altiten dat it slydjage!
Nei elke wedstriid waard de útslach op in bryfke skreaun en dat waard dan nei de publike tribune brocht en dêr siet Jaap Osinga mei syn amerke-oan-in-tou en dy helle dan de bryfkes nei boppen ta en ferwurke se yn’e útslaggelist. Ja, nostalgy, menear Sonneberch, ze weten niet meer hoe het was!
En wylst de wedstriden fûl spile waarden, sieten de wat minder mei volleybal bejeftigden dan yn’e kantine lekker wat te drinken of in bakje patat te iten, de kantinebaas makke dy deis in aardige omset, wol’k leauwe.

De lêste wedstriid wie meastentiids dy fan it sterkste learlingeteam tsjin de leararen, en ek ik haw dêr oan meidien, in foto bewiist it. Ik stean noch altiten fersteld fan mysels!
As dan de winnaars bekend wiene, winsken wy inoar noflike krystdagen ta en alfêst in goed begjin fan it nije jier.
Tradysjes, ik mei der wol oer.