De kommende 2 moanne binne in tal kwastbewegings op doek fan disse man te gast yn de iepenbiere bibleteek fan Snits. Hjir in foto fan 1 tentoanstellingsplak, om de hoek yn e lesseal hingje mear. Leuk foar de minsken dy’t de skilderijen ris life sjen wolle yn plak fan troch in Sineeske tillefoanlens. Mocht derbij de terapeutyske drang untstean om de oare 100 doeken ek sjen te wollen, wolkom op de Vliestroom yn Snits. Museumkaart (noch) oerstallich. Minsken mei in entreekaartsje fan ’t Jopie Huisman museum geane foar, de rest: graach efteroan slute yn de rij!
© Klaas Oedzes