Categorieën
Financiën Fryslân Klimaat

IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen lêste kear iepen

Troch provinsje Fryslân

Provinsje Fryslân stelt yn 2025 €1 miljoen beskikber foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen. Bestjoeren fan ferienings en stichtings kinne fan 3 oant en mei 20 novimber in oanfraach yntsjinje foar 50% subsydzje foar it ferduorsumjen fan doarpshuzen, sportakkommodaasjes, musea, tsjerken en oare mienskipsgebouwen. Foar begelieding by it yntsjinjen fan in oanfraach kinne bestjoeren terjochte by de streekkantoaren fan de provinsje yn Burgum (Noardeast), Gorredyk (Súdeast), Snits (Súdwest), Frjentsjer (Noardwest) en Harns (eilannen).

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) stelde de provinsje Fryslân yn 2024 ek al €1 miljoen beskikber foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen yn Fryslân. Yn de iepenstellings fan 2023 en 2024  binne yn totaal 187 pannen holpen.

Oanfragen IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen

Oanfragen kinne yntsjinne wurde troch stichtings en ferienings dy’t eigener binne fan, of it rjocht fan opstal of erfpacht hawwe op, besteand maatskiplik ûnreplik guod foar mienskiplik gebrûk sûnder winstoogmerk. Per projekt is maksimaal €35.000,- beskikber oant in maksimum fan 50% fan de kosten. Inisjatyfnimmers meie subsydzje oanfreegje foar it ferduorsumjen fan gebou(en) en bykommende kosten (bygelyks it ferfangen fan in dak foardat der sinnepanielen op kinne).

Lêste iepenstelling

We fernimme dat we hieltyd minder oanfragen krije foar it duorsumer meitsjen fan gebouwen fan ferieningen en stichtingen. Ek is yn oerlis mei it Ryk de DUMAVA regeling sa passend mooglik makke foar lytser maatskiplik fêstgoed wêrtroch yn de takomst hjir gjin aparte provinsjale pot mear foar nedich is. Oanfregers dy’t dizze lêste iepenstelling net yn oanmerking komme foar subsydzje kinne hjirnei wer by it regulier Iepen Mienskipsfûns terjochte.

Beoardielingskritearia
De yntsjinne projekten wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike advyskommisje besteande út ûnder oare in ynstallateur, ferduorsumingsadviseur, en ponghâlders fan ferienings út de provinsje Fryslân. Sy bepale op basis fan beoardielingskritearia hokker projekten subsydzje ûntfange. De advyskommisje beoardielet dit oan de hân fan de folgjende kritearia: Ferduorsuming, Besparring totale jierlikse kosten, Mienskipswearde en Útfiereberens.

It oanfreegjen fan IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen is mooglik fan moandei 3 oant en mei tongersdei 20 novimber 17.00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje oer de regeling op https://www.fryslan.frl/imfverduurzaming.