Categorieën
Cultuur Godsdienst Politiek

Froulju út Feanster polityk stypje frou fan de SGP dy’t Twadde Keamer yn wol

Troch Omrop Fryslân

In groep froulju út de Feanster polityk hat SGP’er Lilian Janse stipe. Dat dogge se yn de foarm fan in brief. Janse woe graach op de list as kandidaat-Keamerlid foar de SGP, mar dêr stimde de partij yn grutte mearderheid tsjin.

De froulju binne foaral riedsleden fan de gemeente Hearrenfean, fan allegear partijen. Ojanne Chang fan D66 en Marga Kuipers fan de VVD hawwe bygelyks tekene.

Mar ek de SP, PvdA en FNP binne fertsjintwurdige. Georgine Panhuijsen fan B1 út de ried fan Almere tekene ek. En de list is noch groeiende.

Se reagearje spesifyk op de útspraken dy’t Heerke Kooistra, riedslid foar de SGP yn Dantumadiel, earder dizze wike die oer de kwestje.

Neffens him soe politike belutsenens útslutend oan manlju foarbehâlden wêze.

‘Totale verwondering’

Syn partij is it dêr mei iens. Op de partijdei stimden 299 SGP’ers tsjin it foarstel om froulju wolkom te hjitten yn politike of bestjoerlike funksjes, 53 stimden foar. Ta fernuvering fan froulju yn de polityk.

“Deze week lazen we in totale verwondering het standpunt dat een mannelijk raadslid uit Dantumadiel inneemt. Dergelijke uitingen schaden de politiek betrokken vrouwen in de huidige politiek en gaat zelfs in tegen de wet die wij met elkaar hebben afgesproken”, sa is te lêzen yn de brief.

Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17497751/froulju-ut-feanster-polityk-stypje-frou-fan-de-sgp-dyt-twadde-keamer-yn-wol