Categorieën
Fryslân Politiek

FNP-Ljouwert weigert deelname aan Andere Overheid en zegt: veeg de trap van boven naar beneden schoon

(tekst: FNP-fraksjefoarsitter Tuininga geplaatst op Liwwadders.nl)

Bêste minsken fan de griffy,

Foar kommende woansdei stiet op de wurklist it agindastik “Democratische vernieuwing” wat de krijen hat mei it begrip “Andere Overheid”.

De ôfrûne jierren hat de fraksje fan de FNP Ljouwert op ferskillende byienkomsten har stânpunt en miening omtrint de oare oerheid mear as dúdlik makke tinkt ús. De kearn fan ús stânpunt hjiryn is dat at jo it begrip oare oerheid goed ta passe en útfiere wolle alle lagen yn it gemeentelijk apparaat mei wurkje moatte yn it bysûnder it kolleezje en de útfierende ôfdielingen.

De rie hat nei ús miening in totaal oare rol binnen de oare oerheid rjochting ús ienwenners wêrfan de ferantwurdlikheid by de riedsleden en fraksjes foar in grut part sels leit.

De rol fan de griffy kin sa no en dan yn oerlis mei de rie faaks in faciliterende wêze, bygelyks troch sa no en dan in riedsgearkomste op lokaasje te hâlden.

Sa lang de hâlding fan it kolleezje rjochting ús ynwenners “Anti Andere Overheid” is en dit op dizze wize ek útstrielt rjochting de útfierende ôfdielingen, (in moai foarbyld is it hiele proces oangeande it AZC oan de Troelstrawei ) sil it begrip Andere Overheid yn de gemeente Ljouwert nea slagje.

As fraksje fan de FNP Ljouwert sille wy dan ek kommende woansdei net mei dwaan oan dizze sesje. Sa as ik ôfrûne woansdei yn de rie ek al sei is it op dit stuit “lûken oan in dead hynder”.

Sadra wy yn de takomst ferbettering fanút it kolleezje sjogge sille wy fansels graach wer oanslúte.

Út namme fan ús hiele fraksje fan de FNP Ljouwert,

Jan-Willem Tuininga

Fraksjefoarsitter