Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oangeande de plannen foar Station Jelsum oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeente Ljouwert.
Neffens in parseberjocht fan Stichting NFLS (https://www.brekt.nl/gemeente-leeuwarden-frustreert-projectontwikkeling-jelsum/) op 10 juny 2025 en de oansletten dokumintaasje liket de gemeente Ljouwert plannen foar de ûntwikkeling fan it eardere treinstasjon yn Jelsum stelselmatich tsjin te wurkjen. It giet hjir ûnder mear om frustraasje fan fergunningsprosedueres, net neikommen fan ôfspraken en administrative obstruksje. Dit hat liede ta it stopsetten fan it projekt en it ferlies fan provinsjale subsydzje.
Fragen
- Is it kolleezje bekend mei de serieuze beskuldigingen fan NFLS en de Provinsje Fryslân dat de gemeente it projekt Station Jelsum systematysk obstruearre hat?
- Kloppet it dat der fergunningsoanfragen fan Stichting NFLS earst net yn behanneling nommen binne en dat se pas behelle binne doe’t bliken die dat in wegerjen fan dizze fergunningsoanfragen juridysk gjin stân hâlde soe? Sa ja, kin it kolleezje útlizze wêrom?
- Kloppet it dat it kolleezje nei it ferlienen fan de fergunning fan rjochtwege dochs obstakels opworpen, lykas it op it lêst net realisearjen fan de pachtoerienkomst? Sa ja, kin it kolleezje útlizze wêrom?
- Hoe ferklearret it kolleezje dat ôfsprutsen oerlizzen mei de stichting en de Provinsje meardere kearen útsteld waarden sûnder dêr de reden fan te beneamen?
- Binne der binnen it kolleezje evaluaasjes of ynterne ûndersiken dien nei de ôfhanneling fan dizze kwestje? Sa ja, kin de ried ynsjoch krije yn de resultaten dêrfan?
- Hoe wol it kolleezje kompensaasje biede foar de finansjele en maatskiplike skea dy’t troch de obstruksje feroarsake is, ynklusyf it ferlies fan de provinsjale subsydzje?
- Wat sil it kolleezje dwaan om foar te kommen dat sokke situaasjes by oare partikuliere of mienskiplik draachflak hawwende projekten yn de takomst wer foarkomme?