Categorieën
Cultuur Ethiek Fryslân Media

FERSKAAT

(tekst: kollum Abe de Vries)

Trije jier lyn kaam de NOS mei in ‘Divibokaal’, bedoeld as beleaning foar de sjoernalist dy’t it measte bydroegen hie oan diversiteit – yn it Frysk ferskaat – yn har of syn ferslachjouwing. It gefolch: krityk, opskuor, gjin bokaal wer. Hinderet neat: ik hie de priis dochs noait krigen.

Want dy’t him yn ús reinbôgelantsje ynset foar Frysktalige, dus minderheidstalige kultuer, dy spant him yn foar itsoarte ferskaat dat by NOS en alle oare lanlike media meastentiids ûnder de polityk-korrekte radar bliuwt.

Begripe jo my net ferkeard: ik bin in grut foarstanner fan de anty-diskriminaasjestriid fan minsken mei in oar as it gongber seksueel aard. En fan lykberjochtiging fan froulju, fan minsken ‘of colour’, ja, fan elkenien dy’t gauris yn ’e knipe komt troch de arrogante dominânsje (noch altyd) fan de grutte wite wolstelde mearheid.

Goed dus dat te uzes achterstelling fan ôfwikende groepen en diskriminatware uteringen hieltyd faker negatyf bejegene wurde. Mei spitigernôch op syn minst ien útsûndering. Dy’t praat en skriuwt yn in oare Nederlânske taal as it Nederlânsk hoecht net te rekkenjen op waarme stipebetsjûgingen of in drokke wurklist fol talkshow- of festivaloptredens.

Sa’n brykprater wurdt op syn bêst tolerearre. Dy krijt foar syn wurk bytiden wol wat subsydzje fan de oerheid. En as er mazzel hat fynt er wol in sympatike útjouwer. Miskien mei er sels wolris in kear optrede as rariteit op in evenemint dêr’t 90 prosint fan de útnûge keunstners gelokkich ‘gewoan’ Nederlânsk praat, want dan kinne wy it teminsten ferstean. Sjoch resinte en kommende literêre festivals yn Harns, Ljouwert, Dokkum en Slappeterp.

Yn krityske filosofy yn ’e sechstiger jierren neamde men soks ‘repressive tolerânsje’: je meie der wêze, mar je wurde wei yn ’e deistige stoartfloed fan alles dêr’t jo nét foar stean. Yn in moderner discours wurdt dy technyk ek wol ‘controlling the narrative’ neamd.

In resint rapport yn opdracht fan it Europeesk Parlemint (Linguistic and cultural diversity) slacht de spiker op ’e kop. De opstellers befelje oan om fan taalkundich en kultureel ferskaat in maatskiplik tema te meitsjen, lykas mei in protte sukses dien is mei miljeu en klimaat. Webside ItNijs.frl sinjalearre de stúdzje okkerdeis. Mar ha jo der earne oars alris wat oer lêzen? Tocht ik al. It sil dus wol gjin maatskiplik tema wurde.

De grutte wite wolstelde mearheid fynt ferskaat moai, mar it mei net tefolle kostje en men moat der gjin muoite foar hoege te dwaan. Black Lives Matter, jawis. Pride-optochten, prachtich. Mear froulju troch it glêzen plafon, goede saak. Mar goed ûnderwiis yn jins memmetaal, it Frysk? Mwah. Reewilligens om in bytsje Frysk te ferstean? Bist net wiis! ‘Wij wonen toch in Nederland?’

Likegoed hat Unesco al yn 2001 syn ‘Universal Declaration of Cultural Diversity’ oannaam, in ferklearring wêryn’t de striid foar kulturele lykberjochtiging ek al lyksteld waard mei dy foar it miljeu en foar minskerjochten. In belangrike ynspirator wie kultureel antropolooch Alan Lomax (1915-2002), de ferneamde samler fan Amerikaanske folkmuzyk. Hy wie ien fan ’e earsten dy’t it tsjintwurdich wol faker oanhelle ferbân tusken kultureel ferskaat en bioferskaat seach. Hy pleite al yn ’e sechstiger jierren foar wat er ‘cultural equity’ neamde.

Us digitale, hyperyndividualistyske massamaatskippij ferneatiget regionale kulturele en taalkundige ferbannen en ekspresjes. Yn ús eigen lytse provinsje sjogge wy alle dagen dêrfan de spoaren.

Abe de Vries

(Dizze kollom stie earder yn it Frysk Deiblêd)