Categorieën
Fryslân Literatuur

Dichter en Gysbert-winner Jacobus Q. Smink (69) ferstoarn

(tekst: Omrop Fryslân)

Dichter Jacobus Quiryn Smink is ferstoarn. Yn 2013 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn bondel Sondelfal. Smink is 69 jier wurden.

Smink waard berne yn 1954 yn Sondel. Hy wie boeresoan en kaam út in húshâlding fan njoggen. Hy folge de stúdzje Nederlânsk oan de learare-oplieding yn Grins. Nei syn ôfstudearjen ferhuze er yn 1980 nei Brabân. Sûnt 1983 wenne er yn Eindhoven dêr’t er wurke as dosint Nederlânsk.

Op de middelbere skoalle begûn Smink al mei skriuwen. Yn syn studintetiid kaam er yn ‘e kunde mei dichter Tsjêbbe Hettinga; dat makke him der bewust fan dat er yn it Frysk skriuwe woe.

Yn 1972 debutearre Smink yn literêr tydskrift Hjir mei in koart ferhaal en in fers. Yn 1983 ferskynde de earste bondel Apàrte fersen. Yntusken wie er lid fan de redaksje fan Hjir wurden, ûnder de namme Jacobus Q. Smink. Dy Q, foar Quiryn, hie er der sels by betocht

Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/nl/nieuws/13067407/dichter-en-gysbert-winner-jacobus-q-smink-69-ferstoarn