Categorieën
Fryslân Literatuur

De lêste Frysktalige Dichter fan de Afûk

(tekst: Abe de Vries)

In nije Dichter fan Fryslân – altyd in goed momint om efkes achteroer te hingjen en it hear te oersjen. Diskear hat steatsútjouwerij Afûk mar wer ris de eigen fûnslist op ’e kop hâlden, Eeltsje Hettinga rôle foarby, mar dy hie it putsje alris opknapt, Nyk de Vries dûkte wer op, mar ek dy wie al oan bar kaam, gelokkich hiene se Arjan Hut noch op ‘e list stean. Fan herte lokwinske, Arjan Hut!

Dy’t neffens syn earste ynterviews himsels presintearret as de man fan de  twivel. ‘Twivel is in goede basis’ (Omrop Fryslân). ‘Ik set mysels del as in anty-orakel’ (Friesch Dagblad). ‘Heb niet als politici de waarheid in pacht’ (Leeuwarder Courant). En om alle twivels oer syn nije koerts wei te nimmen, hjit syn earste DfF-gedicht ek noch ‘Twivelje mei’, mei in leuk grapke dêr achteroan, ‘ferzje 4’.

Ik skriuw ‘nije koerts’, want oant net sa lang lyn wie dichter Hut in folle minder grutte twivelkont, sa’t ik hjir en hjir út ’e doeken dien ha. ‘Fuck you Russian warship’ en lang libje Zelensky, wie it boadskip fan in sintraal fers yn syn bondel Ien tel de ierde stil. Hie de twivel no wat earder taslein, dan wie de dichter net sa slapstick-eftich oer in bananeskyl útglide en yn de falkûle fan de, yn dit gefal, Oekraïenske oarlochspropaganda mitere.

Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/