Categorieën
Cultuur Fryslân Geschiedenis Wetenschap

Database ‘Memorabilia’ fan Hessel de Walle oerdroegen oan Fryske Akademy

Troch Fryske Akademy op 10 maart 2026

Auteur en dataspesjalist Hessel de Walle hat syn database ‘Memorabilia’ offisjeel oerdroegen oan de Fryske Akademy. Dy database bestiet út opskriften fan grêfstiennen, roubuorden, muorrestiennen, berteleppels en ferlykbere objekten.

Undersyk nei funerêre kultuer

De Walle is lid is lid fan de Grêfskriftekommisje fan de Fryske Akademy en hat 25 jier wurke oan de database. Hy waard dêrby stipe troch oare frijwilligers, sneupers en (boarger)wittenskippers. De database omfettet sa’n 11.000 objekten fan foar 1811.

De oerdracht fan de database is ûnderdiel fan in bredere ûndersyksline nei de funerêre kultuer fan Fryslân troch Tamara Dijkstra, funerêr ekspert by de Fryske Akademy. It sil in ferfolch krije yn gearwurking mei De Walle en de oare leden fan de Grêfskriftekommisje.

Boarne: https://www.fryske-akademy.nl/nijs-en-aginda/nijs/nijsberjocht/database-memorabilia-fan-hessel-de-walle-oerdroegen-oan-fryske-akademy/