Categorieën
Fryslân Overheid Politiek

Boskalis bout rivierdiel Fiskmigraasjerivier

(tekst: provinsje Fryslân)

In kilometerslange rivier op ’e grins fan de Waadsee en de Iselmar. Boskalis Nederland B.V. is de oannimmer dy’t mei dit unike stik de Fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk ôfmeitsje sil. It projekt helpt om fiskpopulaasjes te ferbetterjen. De Europeeske oanbesteging foar it rivierdiel is op 4 desimber 2023 troch provinsje Fryslân definityf oan Boskalis gund. Nei de útfiering sil de oannimmer de hiele Fiskmigraasjerivier foar tsien jier ûnderhâlde.

Deputearre Matthijs de Vries: “De Fiskmigraasjerivier is fan grutte betsjutting foar de natuer en it toerisme om ’e Ofslútdyk, de Iselmar en de Waadsee hinne. Mei dizze oanbesteging bout Boskalis mei oan in ynnovaasje fan wrâldformaat. It is nammentlik foar it earst yn de wrâld dat in keunstmjittige tijrivier op de grins fan swiet en sâlt wetter oanlein wurdt. “

Direkteur projekten Boskalis Femke Zevenbergen: “Wy binne tige grutsk om yn oparbeidzjen mei provinsje Fryslân dit bysûndere natuergebiet en dizze fernijende hotspot foar ekotoerisme te kreëarjen. It is in prachtige kâns foar wrâldwide oandacht fan de media en kennisûntwikkeling yn ús sektor!”

Mear as in permaninte iepening

Om fisken wer frij tusken de Waadsee, de Iselmar en efterlizzende rivieren swimme te litten is der mear nedich as in permaninte iepening yn ’e Ofslútdyk. In fjouwer kilometer lange rivier foarmet aanst in oergongsgebiet fan swiet en sâlt wetter, sadat fisken stadichoan wenne kinne. De rivier folget it tij fan de Waadsee en foarkomt troch syn lingte dat sâlt wetter yn de Iselmar telâne komt. By hege wetterstannen slute doarren de rivier ôf, om de wetterfeiligens fan de Ofslútdyk te garandearjen. Yn ‘e kommende moannen sille Boskalis en de provinsje it ûntwerp foar de slingerjende rivier ôfmeitsje. Ein 2024 set de útfiering dêrfan útein.

Wurk oan fiskmigraasjerivier al yn folle gong

De Fiskmigraasjerivier krijt yntusken hieltyd mear foarm. De trochgong yn de Ofslútdyk is fan ‘t hjerst klear. Ek binne oan wjerskanten fan de dyk, dêr’t al sûnt 2020 boud wurdt, hieltyd mear kontoeren te sjen. Nei ferwachting swimme ein 2025 de earste fisken troch de Fiskmigraasjerivier. Dêrnei begjint in perioade fan ynregelje en ûndersykje. Der is belangstelling fan wetterbouwers en wittenskippers oer de hiele wrâld. Yn ’e takomst is de Fiskmigraasjerivier foar elkenien te besykjen.

Mear ynformaasje oer de Fiskmigraasjerivier is te lêzen op www.vismigratierivier.nl en de webside fan de Ofslútdyk.