Categorieën
Cultuur Ethiek Media Verhalen

AZ ICK DIJ SJOG

Troch Liuwe van der Meer

Sneon 30 augustus stiene se yn’e krante, de ferhalen fan froulju dy’t op allerhande ferbjusterjende wizen lestichfallen wiene troch jonges, mannen, yn harren jeugd en letter doe’t se al folwoeksen wiene. Ja, ast de ferhalen lêst soest dy as man skamje, djip skamje, ik sil der fierder mar neat oer sizze. Ik tink dat de wizen wêrop famkes en folwoeksen froulju seksistysk benadere wurde fan alle tiden is, ik moat der mar net oan tinke hoe’t soks yn it ferline gong. Mar der wie ien seksistyske utering dy’t my glimkje liet en ik wit, it mei net, mar dizze utering rôp by my in soarte ûndogenske herkenning op en dat wie de opmerking fan Marieke Koetsier dy’t fertelde dat doe’t se 13 jier wie der in man west hie dy’t har frege oft har skamhier ek deselde kleur hie as it hier op har holle. En earlik, ik moast efkes glimkje, ik wit, it heart net, mar dochs.

It moat yn 1984 west hawwe dat ik mei ús Londenreis fan skoalle in besite brocht oan Windsor, ja, it kastiel fan’e Britske kening. By dat kastiel stiet de St George’s Chapel, in eardere kleastertsjerke wêryn’t al in tal iuwen de Britske keningen en keninginnen begroeven wurde. Sa’n kleaster hat ek in kleastergong en wy rûnen mei in pear learlingen (net eltsenien hat der nocht oan!) troch dy kleastergong. Yn’e flier lizze allerhande pommeranten begroeven en dy hawwe ek faak in monumint yn’e muorre der deunby en ferhip: dêr stiene wy ynienen by it monumint fan..Francisicus Junius! No sille jim sizze: wa wie dat? Ja, dat tochten dy learlingen ek en doe haw ik it fansels ferteld, want ik hie oer him lêzen. Hy hie in bân mei Fryslân!

Franciscus Junius (± 1590-1677) wie yn’e 17de iuw in ferneamd taalkundige dy’t rûnom studearre hie en stúdzje makke fan benammen Germaanske talen. Hy wie jong yn Leiden, studearre der ek en hy hie grutte niget oan talen en benammen de fergelykjende taalkunde hie syn belangstelling.

Likernôch 1620 wurke er yn Ingelân as learmaster foar de jonge soan yn it gesin fan Thomas Howard, earl of Arundel; op House Knole hinget noch altiten in pertret fan Howard mei syn gesin èn húslearmaster Junius. Fanwege de boargeroarloch yn Ingelân kaam Junius yn 1642 wer werom nei Nederlân en gie wer oan’e taalstúdzje.

Hy wist ek fan it Aldfrysk en sadwaande woe er ek it Frysk fan syn tiid bestudearje en by wa koe er dat better dwaan as by de man fan wa’t bekend wie dat er mei “dat Frysk” pielde, de Boalserter skoalmaster Gysbert Japicx (1603-1666). Junius moat om 1644 nei Boalsert tareizge wêze en hat dêr sa’n twa jier by Gysbert-om it Frysk bestudearre. Wêr’t er útfanhûze, witte wy net, miskien wol by Gysbert en syn húshâlding yn’e hûs, mar it is in feit dat Gysbert mei him Fryske teksten trochnommen hat, Gysbert hie yn 1640 syn Fryske Tsjerne útjûn krige, in samling mei boartlike ferhaaltsjes en gedichten en dizze útjefte hat Gysbert grif brûkt om Junius de grammatikale rigels fan it Frysk te learen. En no komt it: Gysbert moat mei Junius ek in tal Fryske lietsjes songen hawwe dy’t yn harren tiid bekend wiene, mei, litte wy sizze, wat ûndogenske teksten.

Nei syn Boalserter jierren gie er werom nei Leiden, makke in begjin mei de stúdzje fan it Gotysk, publisearre in protte en hy gong yn 1675 wer werom nei Ingelân, wêr’t er yn 1677 ferstoar.

Mar foar ús binne benammen de geskriften nijsgjirrich dy’t er meinommen hat nei Oxford. Want hy hie ek noch altiten it lesmateriaal fan Gysbert by him. Op it eksimplaar fan de Fryske Tsjerne hat Gysbert Japicx sèls ferbetteringen oanbrocht, Junius hie ek in eksimplaar fan it liet oer Wobbelke yn it hânskrift fan Gysbert sels (it ienige handskrift fan Gysbert!), mar, en no kom ik werom op it seksistyske elemint fan’t begjin, Junius hie sels ek in searje ûndogenske Fryske lietsjes opskreaun, wêrfan’t wy lang tocht hawwe dat it jeugdwurk fan Gysbert wie, want ja, in troud man skriuwt net sokke skabreuze teksten, no? Ien fan dy lietsjes hat de titel “Az ick dij sjog”en ja, dat lietsje slút oan by de ûnderfining fan Marieke Koetsier en lit sjen dat de oan har stelde fraach al folle earder steld wie:

Az ick dij sjog mey’t geel cruws hier
In dey wirt mij wol tuwsen jier;
So jern woe ick witte, oft æk de wird is,
Dat de monen binne lijck de stirt is.

Ik hear jim sizzen: is dat it? Ja, dit is it, in 17de-iuwer begrypte daliks wêr’t it op sloech, want sa as jim fan skilderijen út dy tiid ek wol witte: der sitte in protte ûndogensheden ferburgen yn skilderijen. En dy sitte hjir ek yn:

As ik dy sjoch mei dyn geel kroes (=krollich) hier’
Dan duorret in dei foar mij wol tûzen jier.
Sa graach woe ik dan witte oft it ek wier is
Dat de moannen (=manen!) krekt sa binne as de sturt.

Dizze lêste rigel wurdt troch Fryskkenners dan útlein as “oft it hier op’e holle krekt sa’n kleur hat as it hier, litte wy sizze, yn’e midden fan it lichum”. Persoanlik soe ik ek tinke kinne dat it in frou west hat dy’t dizze rigels skreaun hat, mar safier ik wit is hjir noch net echt ûndersyk nei dien. Ien ferskil mei de opmerking nei Marieke Koetsier: ús 17de-iuwske poeet hat it tocht, net nei ien roppen. Alteast litte wy dat hoopje..

De oare lietteksten binne like dûbelsinnich, der wurdt yn’e teksten hiel wat omtute en om-rollebolle, yn it hea, yn’e herberch en it aardige is dat wy no witte dat de teksten nèt fan Gysbert binne! Yn’e jierren ’60 dûkten der muzykboeken op fan Jaques Vredeman de Vries út 1602 en Jaques Vredeman hat dus fjouwerstemmige madrigalen, earnstige muzyk mei in fleurige ynslach sil’k mar sizze, skreaun, ûnder oaren op dizze al by Junius oerlevere teksten. Der hat dus in folslein ûnbekende Fryske dichter west yn’e twadde helte fan’e 16de iuw! En dy syn teksten wiene yn 1640 noch bekend, miskien waarden se ek wol songen op hiel oare wizen.

It jout mar oan dat seksistyske opmerkingen fan alle tiden binne; en fan alle oare frou-ûnfreonlike saken witte wy net it measte. Mar ik bin bang dat alle oare yn it kranteartikel beskreaune gedragingen yn it ferline like folle foarkommen binne as hjoedtedei. Minslik gedrach is lestich te ferbetterjen.