Categorieën
Onderwijs Súdwest

Ambassadeur fan it berneboek nei skoallen yn Súdwest

Freed 2 septimber is berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra úteinset yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân. Lida komt de kommende moannen op fjirtich basisskoallen del om lês- en boekewille te fersprieden. De ôftraap wie op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum.

Wethâlder Petra van den Akker hat fan ’e moarn symboalysk de earste lêskoffer fan ’e gemeente yn ûntfangst nommen. “Dit is in prachtige gearwurking,” seit berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra. “Alle basisskoallen dy’t dêr priis op stelden hawwe de lêskoffer fol berneboeken fan ’e gemeente kado krigen.”

Lida Dykstra is sûnt 2020 berneboeke-ambassadeur, in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Se hat yn dy funksje al op mear as hûndert skoallen west. Se komt yn sawol de ûnderbou, middenbou as boppebou del, mar krekt wat de skoalle sels wol.”

Elly Attema fan ’e Sint Martinusskoalle hat der sin oan. “Ik fyn it foar elk bern in boppeslach om op dizze wize mei Fryske boeken yn ’e kunde te kommen.”