Categorieën
Economie Fryslân

Ald-topmanager Cor Boonstra fan ûnder mear Philips ferstoarn

Troch Omrop Fryslân

Ald-topmanager en sakeman Cor Boonstra is yn de nacht fan freed op sneon yn syn wenplak Amsterdam ferstoarn. De âld-direkteur fan ûnder oare Philips is 87 jier wurden.

Cor Boonstra waard berne yn 1938 yn Ljouwert as soan fan in molkboer. Hy is opwaakst oan de Nieuweburen, yn it gebiet tusken de Bonifatiustsjerke, de Grutte Tsjerke en de Aldehou. Dêr hie syn heit in wyk as molkboer. De klanten wennen sa’n bytsje oant de ein fan de Bûterhoeke ta.

De Aldehou wie foar him in grut monumint, ûnderdiel fan it gebiet dêr’t er libbe, sei Boonstra yn de dokumintêre dy’t Omrop Fryslân yn 1998 makke hat oer de restauraasje fan de Skeve Toer.

As jonge wie Cor altyd oan it hanneljen. Doe’t er 16 wie, gie er fan de HBS ôf. Hy woe nei de seefeartskoalle, mar fanwegen syn mindere sicht koe dat net. Hy hat wol fearn.

Lês fierder fia: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17497640/ald-topmanager-cor-boonstra-fan-under-mear-philips-ferstoarn