Categorieën
Columns Cultuur Fryslân Taal

ABE DE VRIES OER DE DICHTER FAN FRYSLÂN: BEHALVE DAT ER WEGERJE KIND HIE

Wy moatte inoar ris wat minder please, sei psycholooch Saskia de Bel okkerdeis yn in NRC podcast. Dêrom doar ik no wol sizze dat de gedichten fan de Dichter fan Fryslân my net bêst foldogge.

No bin ik fansels in ‘besprekker’, net in ‘gewoane lêzer’. It kin wêze dat jo en ik fan miening ferskille. Myn miening ferskilt behalve fan dy fan it folk oars ek gauris fan dy fan oare besprekkers. Dat wol net sizze dat jo my leauwe moatte en it folk net fansels. Smaken ferskille ek!

Mar goed, dy gedichten fan Hut. Dy sille ein takom jier wolris in kear bondele wurde tink, en dan komt it einresultaat wol by my op it kranteburo te lizzen. Dan sil ik, yn myn funksje fan de helte fan ’e Fryske-poëzij-yn ’e-krante-besprekkers, der wol wat fan fine moatte op in offisjele manier. Al hielendal om’t immen op ’e Bûterhoeke it samar yn ’e plasse krije kin en beleanje sa’n DfF-produkt mei in ekstraspesjale priis fan de Fryske VVV – dat is ommers alris earder bard.  

Lit my hjir op ’e Feartfisk alfêst efkes oefenje. De gedichten fan de DfF – oft it no om de ferskes fan Sigrid Kingma, Nyk de Vries, Eeltsje Hettinga of Arjan Hut giet, dat is gûl om goarre – binne oer ’t generaal – men moat altyd de nuânse sykje – sa min as strie. Oars sein, dy ‘poëzij’ is in boel strie mar mei in lichte kerl. En as strie en fjoer byinoar komme, dan is der gauris brân. Men lit it each op sa’n gedicht falle en it instantly selfdestructs. Mear as jiske bliuwt der net fan oer.

Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2025/12/behalve-dat-er-wegerje-kind-hie.html