In tsjerne is in tûne om bûter yn te meitsjen, yn de njoggentjinde ieu húsriem op greidpleatsen dy’t foar sok wurk aparte molkkelders hienen. Doe’t om 1880 hinne it fermoeden bestie dat de tsjernjende Fryske boerinne de kantsjes der ôf begûn te rinnen, liet de Ljouwerter argivaris Wopke Eekhoff in bea takomme oan skriuwer en foardrager Waling Dykstra. Oft dy miskien net in oannimlike foarbyldfrou op papier sette koe om de Fryske ekonomy te rêden.1 It werklike probleem wie lykwols net de boerinne, mar de technologyske achterstân fan de feehâlderij te uzes ferlike mei in lân as Denemarken.
Klik troch op: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/07/de-seis-volkische-lezingen-fan-fedde.html