Troch provinsje Fryslân
Hjoed is de Integrale Havenvisie Fryslân fêststeld troch Deputearre Steaten fan Fryslân. Mei dizze fyzje wol de provinsje de Fryske binnenhavens better ferbine en it ferfier oer wetter fierder fersterkje.
De provinsje sjocht in soad kânsen om mear guod fia it wetter te ferfieren. Dat is duorsum en helpt de diken te ûntlêsten. Gruttere havens by de haadfarwegen del rjochtsje har yn de takomst foaral op frachtstreamen mei hegere folumes. Lytsere havens krije in rol dy’t past by harren omjouwing en by wat lokaal nedich is. “Troch better gear te wurkjen kinne wy ús havensysteem tûker brûke”, seit deputearre Matthijs de Vries.
Gearwurking
De Fryske havens binne wichtich foar de regionale ekonomy, mar de gearwurking is no noch wikseljend organisearre. Dêrtroch bliuwe kânsen lizzen, bygelyks by it ûntwikkeljen fan haventerreinen en by it fersterkjen fan de logistike keten. De nije havenfyzje jout rjochting om dit mei gemeenten, ûndernimmers en oare partners te ferbetterjen.
“Bettere gearwurking helpt ûndernimmers harren logistyk takomstbestindich te organisearjen en fersterket de posysje fan Fryslân as regio om te ûndernimmen,” heakket deputearre Friso Douwstra ta. Jaap Jelle Feenstra, foarsitter fan Haven Netwerk Fryslân, jout oan grutsk te wêzen dat de havenfyzje der no leit: “Lit ús yn publyk-private gearwurking fierder bouwe oan ien havensysteem foar Fryslân.”
Ferfolch
De havenfyzje is opsteld yn oparbeidzjen mei Fryske gemeenten mei in binnenhaven, Haven Netwerk Fryslân, ûndernimmers, Koninklijke Binnenvaart Nederland, Rijkswaterstaat, it Ministearje fan IenW, HISWA en oare belutsen partijen. Provinsjale Steaten stelle de havenfyzje yn juny fêst. Dêrnei wurket de provinsje gear mei partners oan it útfieringsprogramma foar de Fryske havenfyzje.