Troch provinsje Fryslân
Fan 9 febrewaris o/m 10 april 2026 stelt de provinsje Fryslân €4 miljoen beskikber om de Fryske lânbousektor te stypjen by de oergong nei in duorsum, sterk en takomstbestindich agrarysk bedriuw. De subsydzje is foar ynvestearrings dy’t bydrage oan klimaat, wetterkwaliteit, boaiem, biodiversiteit en ynnovaasje op it boerehiem. Ek is der budzjet foar bistewolwêzen en beskerming tsjin wolveskea. Foar jonge lânboubouwers reservearje we de helte fan it budzjet, sadat sy ekstra kânsen krije om te ferduorsumjen.
Mei de regeling ‘Verduurzaming van het Friese landbouwbedrijf 2026’ stimulearret de provinsje Fryslân ynvestearrings dy’t de wetterkwaliteit ferbetterje, de sûnens fan ‘e grûn fuortsterkje en it bistewolwêzen ferbetterje. It giet bygelyks om presysje-dongapparatuer, enerzjysunige ynstallaasjes, regelbere drainaazje of foarsjennings foar mear greidegong. Ek ynvestearrings dy’t bydrage oan bioferskaat, natuer-ynklusive tylt en better bistewolwêzen komme yn oanmerking. De ynvestearrings dêr’t men subsydzje foar oanfreegje kin, steane yn taheakke 1 fan it iepenstellingsbeslút.
Deputearre Abel Kooistra: “Dizze regeling is beskikber foar alle boeren, fan gangber oant natuer-ynklusyf. In boerdiverse lânbousektor fersterket de robúste en takomstbestindige posysje fan de lânbou yn Fryslân. Dit makket de sektor effisjinter, wylst se tagelyk de positive ynfloed fan it agrarysk bedriuw op ús leefomjouwing fersterket”.
Wa kin subsydzje oanfreegje?
Boeren en gearwurkingsferbannen fan boeren kinne it subsydzje oanfreegje, om dêrmei fysike ynvestearrings te dwaan. De ynvestearrings drage by oan ferbettering fan wetterkwaliteit en sûnens fan ‘e grûn, duorseme enerzjy, bioferskaat op en om bedriuw, natuer-ynklusive bedriuwsfiering, bistewolwêzen en sunich gebrûk fan natuerlike helpboarnen fan wetter, grûn en loft.
Subsydzjebedraggen
De hichte fan de subsydzje-oanfraach moat tusken de €25.000,- en €124.999,- lizze. De regeling stelt €2 miljoen beskikber foar jonge boeren, jonger as 40 jier, mei in subsydzjepersintaazje fan 55%. Dêrneist wurdt €2 miljoen beskikber steld foar alle boeren mei in subsydzjepersintaazje fan 40%.
Europeesk Mienskiplik Lânboubelied
De iepenstelling slút op 10 april 2026 om 17.00 oere. De útfiering is yn hannen fan it SNN (Samenwerkingsverband Noord-Nederland). De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it Europeesk Mienskiplik Lânboubelied (GLB 2020-2027). It GLB wurdt finansiere troch de Europeeske Uny (EU); provinsjes en gemeenten fiere dat mei-inoar út. Mear ynformaasje oer it GLB en de iepenstellingskalinder fan 2026 fine jo op de webside fan de provinsje Fryslân: Gemeenschappelijk Landbouw Beleid (GLB) | Fryslân. De folsleine ynformaasje en de betingsten fan de regeling fine jo op de subsydzjeside fan SNN.