Troch provinsje Fryslân
Mei it Noardwest-Europeeske Ynterreg-projekt PolliConnect set de provinsje Fryslân him tegearre mei Europeeske partners en Fryske gebietspartners yn foar bestowende ynsekten lykas wylde bijen, sweefmiggen en flinters. It projekt rjochtet him op it treffen fan maatregels yn it lanlik gebiet en it kreëarjen fan bloeiende ferbinings tusken natuergebieten, om dêrmei de populaasjes fan wylde bestowers te helpen werstellen. Dêr leit in wichtige rol foar oanpast behear fan griene ynfrastruktuer, lykas bermen.
It tal ynsekten – en dus ek de bestowende ynsekten – nimt oer de hiele wrâld ôf. En dat foarmet in bedriging foar biodiversiteit, de fearkrêft fan natuergebieten en fiedselsekerheid. Leefgebieten fan wylde bestowers steane ûnder druk en binne fersnippere. Bestowers kinne net goed fan it iene nei it oare plak komme. Dêr spilet PolliConnect op yn troch ûnder oare yn de sônes tusken dy leefgebieten maatregels te treffen. Om sa te bouwen oan in lânskip mei bioferskate ferbiningen foar de bestowende ynsekten, in soarte fan ‘nektarnetwurken’.
Living Labs yn Fryslân
Underdiel fan PolliConnect binne Living Labs. Dêryn wurkje bewenners, boeren, bedriuwen, organisaasjes en beliedsmakkers gear om maatregels foar wylde bestowers te ûndersykjen, út te fieren en te sjen wat dat opsmyt. Yn totaal komme der acht Living Labs yn seis lannen binnen it projekt. Fryslân wurdt ek sa’n Living Lab. Op dit stuit ûndersiket de provinsje mei partijen hokker lokaasjes en hokker projekten ûnderdiel wêze kinne fan it Fryske Living Lab. It kin bygelyks gean om it oanlizzen fan blomrike ferbinings lâns diken of sleatten, it oars behearen fan bermen en wâlskanten en it oars ynrjochtsjen en behearen fan ikkers.
It projekt rint fan 2025 oant 2029. Yn dy perioade wurde de Living Labs folge om dêrnei weardefolle ynsichten en resultaten te dielen mei de Europeeske partners, mar ek mei lokale gebietspartijen.