Categorieën
Cultuur Fryslân Literatuur Súdwest

RIMMER MULDER: ‘OBE IS BY ÚTSTEK DE SKRIUWER FAN IT FRYSK LÂNSKIP’

Omtrint tritich minsken wenjen de iepening by fan de tentoanstelling oer dichter Obe Postma (1868-1963) yn de Bonifatiustsjerke fan Koarnwert. Rimmer Mulder nimt de ynlieding foar syn rekkening, wêrnei André Looijenga poëzy fan Postma foarlêst. Dêrnei folget in kuier yn de lanlike omjouwing fan it doarp. Oan it ein fan de rûte leit de buorkerij, wêr Obe Postma yn 1868 it libbensljocht sjut.

Links Rimmer Mulder en rjochts Lútsen Kooistra, bestjoersleden fan it Obe Postma Selskip. © BREKT.NL

Mulder jout oan dat Postma in foarbyld is foar de Fryske kultuer en it lânskip yn syn fersen ta libben komt. Mar dat lânskip bestiet net mear. Spitich genoch wurdt Fryslân dominearre troch griene vlaktes en docht
pine in ‘e siel. De term lanskipspine wurdt dan ek terjochte in soad brûkt, ûnder mear troch LC-journaliste Jantien de Boer, aldus de sprekker.

It tsiende gebod yn de doarpstsjerke fan Koarnwert. © BREKT.NL

Dichter André Looijenga lêst dêrnei in fjouwertal fersen fan Postma foar: Histoarje fan boeren en pleatsen, De Skraarder toer, Te Oostum
 en As ik opdroegen wurd. Foar elk gedicht jout Looijenga in taljochting. By it fjirde farsk nimt er wat tefolle tiid.

De Bonifatiustsjerke fan Koarnwert yn 1890.

Looijenga seit ûnder mear dat Postma it leafst de stompe toer fan de doarpstsjerke hie behâlden, dy’t yn 1897 troch in spitse toer waard ferfange. En doe’t Postma, nei syn pensjoen, yn Ljouwert gie wenjen, wie hy omtrint alle dagen op de Provinsjale Biblioteek yn de Kanselarij oan de Twabaksmerke te finen.

Obe Postma (1868-1963).

Te Oostum (twadde strofe)

O Grinzerlân, do Fryske gea, hoe leist
YN swiidste simmerpracht! De stânene weve sa;
De sinne blinkt; hoe rûkt it hea!
De weiden ride op ‘e iepen skuorre ta.

Judy Lohman fan de organisaasje fertelt tidens de kuier. © BREKT.NL

Ta beslút is de kuier yn de wiide lanlike omjouwing fan Koarnwert. De groep giet oer betonnen paden rjochting Wûns, mar earne healwei wurdt rjochtsôf slein. De mûne fan Koarnwert wurdt passearre en lâns de Koarnwerder Feart, dit wetter wie eartiids in seeslenk, rjochting Iselmardyk. Dêr falt de groep  bytsje by bytsje útien.

Dichter Ynte Hettema draacht yn it skoft fan de kuier foar. © BREKT.NL

It wie yn en om Koarnwert in lyts kultureel barren mei in soad positive yndrukken. Elke dei falt hjir oan de Iselmardyk troch boeren, boargers, fiskers en bûtenlju te genietsjen fan in tiidleas skouspul fan loft, ljocht, wetter, wyn, sinne, stjerren, kij, skiep, hynders, fûgels en net te ferjitten de poëtyske neilittenskip fan Obe Postma.

Wiebe Dooper