Troch provinsje Fryslân
De provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte wolle mei-inoar ynvestearje yn de ferbouwing fan it Noardlike Archeologysk Depot (NAD) yn Nuis. De trije loadsen dêr’t it depot út bestiet foldogge net mear oan de hjoeddeistige easken foar it op in ferantwurde wize opslaan fan archeologysk materiaal. Boppedat is der skimmelproblematyk ûntstien troch it hjoeddeistige klimaat yn de loadsen.
Om de ferbouwing bekostigje te kinnen stelle de trije provinsjes oan harren Provinsjale Steaten foar om dêrfoar elk €2.655.000,- beskikber te stellen. De Steaten beslute hjiroer yn harren gearkomsten op 25 juny (Fryslân) en op 9 july 2025 (Grinslân en Drinte). Nei ynstimming fan de Steaten, slute de provinsjes foar 20 jier in nije bestjoersoerienkomst foar it depot. Dêrmei boargje se behear en ûntsluting fan de kolleksje.
Deputearre Eke Folkerts: “Archeologysk erfguod is fan ûnskatbere wearde. It jout ús ynsjoch yn de skiednis en kultuer fan eardere beskavingen. It helpt ús te begripen hoe’t ús foarâlden libben en hoe’t ús leefomjouwing ûntstien is en him ûntwikkele hat. Troch it ferline te bestudearjen kinne wy lessen lûke dy’t ús helpe by it stal jaan fan in bettere takomst. Dêrmei draacht erfgoed by oan ús identiteit en is de skatkeamer fan kennis en in boarne fan ynspiraasje foar takomstige generaasjes.”
Masterplan makke foar ferbouwing
Foar de ferbouwing fan de trije loadsen is it ´Masterplan Toekomstbestendig Vastgoed Noordelijk Archeologisch Depot Nuis´ opsteld. Hjiryn stiet wat der nedich is om derfoar te soargjen dat it depot wer foldocht oan de krekte easken. It foarstel is om de trije besteande loadsen om te foarmjen ta ien gebou mei in nije entree, presintaasjeromte en yndieling. Om dit realisearje te kinnen is it de bedoeling om de loads dy’t no yn gebrûk is as kantoar en presintaasje- en ûntfangstromte te slopen. De twa oare loadsen dêr’t no kondisjonearre opslach en op- en oerslach yn plakfine , wurde gearfoege ta ien gebou. By de ferbouwing wolle de provinsjes ynsette op ferduorsuming, goede klimaatbehearsking en it behâld fan besteande boukundige eleminten. Nei definitive beslútfoarming krijt in arsjitekt opdracht om de plannen fierder út te wurkjen.
NAD Nuis
Yn NAD Nuis wurde allegearre soarten archeologyske fynsten bewarre. It giet om fjoerstiennen ark, stiennen bilen, ierdewurken en metalen foarwerpen, dierlik en minsklik botmateriaal en foarwerpen fan skonk en hout. Dizze fynsten hawwe allegearre harren eigen easken foar goede opslach. Njonken dizze taastbere fynsten wurde ek ûndersyksrapporten, feldrapporten, foto’s en opgravingstekeningen, yn it depot bewarre. Dizze ynformaasje is te finen fia de webside www.nadnuis.nl.
De Erfgoedwet ferplichtet it hawwen fan in provinsjaal depot. De provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte binne sûnt 1996 depothâlder fan it NAD yn Nuis.