Categorieën
Cultuur Fryslân Niet gecategoriseerd

Subsydzje foar 20 projekten yn Noardwest-Fryslân, ek foar tinksport

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan 20 inisjativen yn de regio Noardwest Fryslân. Yn de earste iepenstellingsperioade fan 2022 giet der mei-inoar goed 260.000 euro nei projekten foar leefberens. Ien fan de projekten dy’t in bydrage krige is Boekenpassage De Rode Loper.

It haaddoel fan it projekt is om bern, jong folwoeksenen, mar ek âlderein wer oan it skaken te krijen en mei oare tinksporten yn oanrekking komme te litten. In oar doel dat de inisjatyfnimmers foar eagen hawwe, is om ûnder de neamde doelgroepen it lêzen te stimulearjen. Der wurde skaaklessen, mar mooglik ek dam- en bridgelessen jûn, lykas workshops dy’t tinksporten en lêzen befoarderje.

Oare aktiviteiten besteane út it ferkeapjen fan twaddehânsk boeken en it organisearjen fan skaaktoernoaien en lêzingen oer boeken, keunst en tinksporten. De skaak- en boekesaak sit yn in passaazje yn de Sint Jakobsstrjitte yn Ljouwert. It úteinlike doel is om op dit unike plak in moetingsplak te kreëarjen.